Kennisplatform voor het noorden

#FryskeFreed – Wat docht jim bedriuw hjoed yn it Frysk?

Geplaatst op 4 januari 2023
#FryskeFreed – Wat docht jim bedriuw hjoed yn it Frysk?

Elke twadde freed fan de moanne fiere wy Fryske Freed! It doel? It Frysk sichtberder en hearberder meitsje rûnom yn de Provinsje en dêrbûten en minsken oanmoedigje it Frysk faker te brûken.

Dêrom roppe wy partikulieren en yn it bysûnder bedriuwen en organisaasjes op om op Fryske Freed wat ekstra’s yn it Frysk te dwaan en dat ek sjen te litten en te dielen mei oaren. Tink dêrby oan Fryske berjochten op social media, in groep kollega’s dy’t op Fryske Freed allinnich mar Frysk mei-inoar praat of op Fryske Freed in nij Frysk wurd yn de app-groep fan de saak.

Maklik!

Kinst fansels ek tinke oan in begroeting yn it Frysk, it jaan fan koarting of in fergees drankje as in klant wat yn it Frysk by dy bestelt. It is hiel maklik, alles kin! Wês kreatyf en diel it mei ús fia #FryskeFreed!

Wy fan Praat mar Frysk litte op Fryske Freed (en op alle oare dagen) ek op allerhanne manieren fia ús social media-kanalen sjen wat der al sichtber is yn it Frysk: moaie Fryske teksten op bedriuwsauto’s of buskes, bedriuwen dy’t yn it Frysk advertearje of oare sichtbere Fryske teksten op gevels, buordsjes yn de tún en gean sa mar troch.

Dêrneist sette op Fryske Freed in bedriuw of organisaasje yn de skynljochten dy’t wat spesjaals docht mei it Frysk en diele wy de aktiviteiten, ideeën en berjochten fan elkenien dy’t wat docht op #FryskeFreed. Dogge jim ek mei?

Ideeën?

Hasto of hawwe jim ideeën of wolle jim al wat mei ús diele? Stjoer ús in berjocht fia praatmarfrysk@gmail.com of lit it ús witte fia ús social media-kanalen:

Heeft u interessant nieuws of een bijzonder verhaal?

Laat het ons weten via nieuws@kijkophetnoorden.nl of via onze handige nieuwsmodule.

Nieuws aanleveren

Zoeken naar:

Om deze website optimaal te laten functioneren gebruiken wij cookies. Voor meer informatie zie ons cookiebeleid. Lees meer.

Ik ga akkoord